Dongeradiel helpt garnalefiskers

14 feb 2003 - 00:00

De gemeente Dongeradiel komt de garnalefiskers fan Lauwerseach te help. De sektor moat 14 miljoen euro betelje fanwege beheinde oanfier dy't liedt ta priisôfspraken. De boete is oplein troch de Nedelandse Mededingingsautoriteit (NMa).

Dongeradiel hat no in brief oan de ferantwurdlik steatssekretaris skreaun oer dizze saak. As der neat bart, moat de float opdoeke. De gemeente is foar 45 prosint eigner fan de haven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)