Konsert Spanner giet oer

13 feb 2003 - 00:00

De Fryske groep Spanner mei freedtejûn net optrede yn Amsterdam. De band fan âld-Kastsjonger Syb van der Ploeg soe spylje yn 'e Thomas van Aquinotsjerke. Dy is kreake en neffens de gemeente net brânfeilich. Boppedat is gjin fergunning oanfrege foar it konsert.

As de organisaasje trochset, nimt de gemeente freedtemiddei maatregels. It is net bekend hoefolle kaartsjes ferkocht binne foar it konsert. Minsken koene harren per email opjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)