De Jong en Kast foar rjochter

© Omrop Fryslân
De leden fan popgroep De Kast en harren eardere manager Klaas de Jong binne it tongersdei by de rjochter net iens wurden oer harren saaklik skeel. De bandleden fan de âlde Kast fine dat de manager tefolle jild meinommen hat by it opdoeken fan de 'âlde' Kast. Se wolle goed 130.000 euro werom hawwe.
De rjochter stelde foar om de boeken te ûndersykjen. De bandleden wolle dat graach, mar De Jong wol dat net. De rjochter docht oer twa wike útspraak.