Snits fjochtet beslút COA oan

© Omrop Fryslân
As it oan de gemeente leit bliuwt it asylsikerssintrum yn Snits gewoan iepen. Neffens boargemaster Hartkamp hâldt de sintrale opfang foar asylsikers COA har net oan it kontrakt, dat ferline jier noch tekene is.
Yn it kontrakt stiet dat it azc allinnich yn oerlis mei de gemeente sluten wurden kin. En dat oerlis hat der nea west. Snits wol no stappen ûndernimme om it COA te hâlden oan it fiif jier jildende kontrakt