Nij buro foar wurkyntegraasje

© Omrop Fryslân
Trije ynstânsjes foar wurkyntegraasje geane fierder as ien, ûnder de namme Reax. Reax bestiet út Banenplan, Mareon en Werkwijzer. Nei de fúzje is Reax ien fan de grutste op syn mêd yn it Noarden. Der wurkje 120 minsken, it haadkantoar komt yn ljhouwert.
Om him te ûnderskieden fan de konkurrinsje sil Reax him rjochtsje op spesjale groepen. Sa kinne bygelyks eks-detinearden by it buro terjochte foar help by it sykjen nei wurk.