Fariant noardwesttangent keazen

12 feb 2003 - 00:00

De nije autodyk tusken Stiens, Marsum en Ljouwert moat oanlein wurde tusken de doarpen Ingelum en Bitgummole troch. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat foar dizze fariant keazen fan de noardwesttangent.

Neffens it plan soe der in tunnel komme moatte ûnder de Stienzer Hegedyk, de Langestraat en de dyk tusken Ingelum en Bitgummole. By Dyksterhuzen komt in oansluting mei in rotonde. De nije dyk makket it Noardwesten better berikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)