Freed dúdlikheid oer asylsikers

12 feb 2003 - 00:00

Freed wurdt dúdlik oft de 58 asylsikers op It Amelân bliuwe kinne. Dan heart de gemeente oft it COA de ferantwurdlikens foar de flechtlingen hâldt as oaren de kosten foar opfang oant de simmer betelje. De gemeente, provinsje en de wenningboukorporaasje wolle de kosten foar har rekken nimme, mar it COA moat foar de deistige begelieding soargje.

In wurdfierder fan it COA hat tiisdei al sein dat de organisaasje de hannen fan de asylsikers ôflûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)