'Popakademy yn Fryslânhûs'

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter popakademy moat yn it Fryslânhûs komme. De Hanzehogeschool en de NHL geane der fan út dat dat trochgiet. De oplieding begjint yn septimber. Mei de brûkers fan it gebou, de Afûk, Keunstwurk en It Fryske Boek, is noch neat ôfpraat oer in ferhuzing.
De ynstellingen wolle wol fuort as se mar in goede nije húsfesting krije. Dat is noch net slagge en der is net folle tiid mear. Neffens de NHL komt dêr meikoarten wol in oplossing foar.