Regioskoallen foar asylsikers?

© Omrop Fryslân
De sluting fan asylsikerssintra hat ek gefolgen foar it ûnderwiis. Faak krije bern les op in basisskoalle by it azc en dat falt dan fuort. Mooglik komme der grutte azc-regioskoallen sadat de bern dochs ûnderwiis folgje kinne.
Op de skoalle yn Burgum sitte 43 bern en der binne sân learkrêften. De skoalle bliuwt foarearst iepen mar de takomst is ûnwis. Dêrom besjocht de skoalbegeliedingstsjinst GCO de mooglikheid fan regioskoallen.