Nominaasjes Liuwe- en Welpeprint

© Omrop Fryslân
Foarmjouwer Gert Jan Slagter is op 'e nij nominearre foar de Liuwe- en Welpeprint. Fan de seis boeken hat de Fries om utens de boeken fan Klaas Bruinsma, Jaap Krol en Lida Dykstra fersoarge.
Ek Barbara Jonker is nominearre foar in boek fan Anny de Jong en Karin Poiesz foar boeken fan Auck Peanstra en Albert Mulder. De prizen foar de foarmjouwing wurde 23 febrewaris bekend makke yn it radioprogram De Koperen Tún.