Wurkleazens tanommen

10 feb 2003 - 00:00

De wurkleazens yn Fryslân is it ôfrûne jier mei goed tsien persint tanommen. In soarchlike ûntjouwing, sa fynt it Centrum voor Werk en Inkomen (CWI). De taname fan de wurkleazens leit yn Fryslân lykwols wat leger as yn de rest fan it lân.

Ek oan it tal nije bedriuwen is te sjen dat it minder giet. De Keamer fan Keaphannel hat yn jierren net sa'n bytsje starters ynskreaun. Yn 2002 wiene dat 1600, yn 2000 noch 2100.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)