Giphart yn it Frysk

10 feb 2003 - 00:00

Fryske skriuwers dy't oersette yn it Nederlânsk, dat is net sa nuver. Mar in ferneamd Nederlânsk skriuwer dy't útjout yn it Frysk, dat bart net alle jierren. Ronald Giphart docht it. Op 19 maart presintearret hy yn Ljouwert in oersetting fan ien fan syn ferhalen.

It idee fan de oersetting komt fan syn útjouwer Steven Sterk, dy't it boek sels oersette. Eeltsje Hettinga die de einredaksje. Sterk hopet mear skriuwers oersette te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)