Korporaasje stipet asylsikers

© Omrop Fryslân
Corporatie Holding Friesland wol meibetelje oan de opfang fan asylsikers op It Amelân. Betingst foar de wenningkorporaasje is dat provinsje en gemeente ek meibetelje. Der is 100.000 euro nedich om de 58 asylsikers oant de simmer op it eilân te hâlden. De korporaasje wol in tredde derfan foar har rekken nimme.
Fan it COA moatte de asylsikers fuort. Se wolle bliuwe sadat de bern it skoaljier op it eilân ôfmeitsje kinne.