Aksje foar fytspaad by Warns

© Omrop Fryslân
Der moat in fytspaad komme fan Warns nei Himmelum. Ynwenners fan Warns fine de dyk te drok en ûnfeilich. Se ha al in pear kear by de gemeente om in fytspaad frege. De gemeente moat jild útlûke foar it oanlizzen fan it paad. Neffens doarpsbelang is der by de provinsje wol jild beskikber.
De ynwenners fiere tiisdei aksje om oan te jaan dat it har tinken is. Fertsjintwurdigers fan doarpsbelang wolle by de riedsgearkomste ynsprekke.