Nederlânske froulju yn subtop

© Omrop Fryslân
Nei trije ôfstannen by de froulju hat de Kanadese Klassen noch altyd de lieding op it WK allround yn Sweden. Se waard tred op de 1500 meter achter Claudia Pechstein en Maki Tabata.
Yn it tuskenklassemint stiet Annemarie Thomas no sande, Renate Groenewold achtste en Marja Vis njoggende. Groenewold, dy't wat heal wie, ferskynde snein dochs oan de start. Se helle de fjirde tiid op de 1500 meter. Annemarie Thomas waard sande op de myl.