Postma no tred yn klassemint

© Omrop Fryslân
Ids Postma is nei it tredde plak sakke yn it klassemint nei trije ôfstannen. De Dearsumer moast de 1500 meter tsjin Rintje Ritsma ride. Beiden einigen achter Gianni Romme dy't mei 1:52:07 in tredde tiid op de myl hie. Mark Tuitert waard twad nei de Rus Lalenkov dy't de 1500 meter yn 1:51:70 wûn.
Mei inkeld de tsien kilometer noch op it program is it wis dat Romme foar de twadde kear wrâldkampioen allround wurdt yn it Sweedske Göteborg.