Popelieren soargje foar skea

© Omrop Fryslân
De popelieren by it fytspaad tusken Marsum en Ljouwert wurde roaid. De gemeente Menameradiel wol de beammen fuorthelje om't de woartels foar in soad skea soargje oan it asfalt.
De gemeente hat it paad al in pear kear reparearje moatten. It oanlizzen fan in spesjale foly of in plestik skerm is te djoer. Yn plak fan de popelieren wol de gemeente oare beammen plantsje dy't djipper woartelje. In twadde rige popelieren kin wol stean bliuwe.