Tefredenheid oer Spanner

© Omrop Fryslân
De nije band Spanner fan eks-bandleden Syb van der Ploeg en Nico Oudhuijse fan de Kast hat freedtejûn syn earste optreden yn Fryslân fersoarge. Dat barde op it Explosiefestival yn de Harmonie yn Ljouwert.
By it optreden wiene ek de nije sjonger fan De Kast Jan Tekstra, en gitarist Peter van der Ploeg fan de âlde Kast. De eks-kollega's toanden har ûnder de yndruk fan de prestaasjes fan Syb syn nije band.