WVG-ferfier Boarnsterhim wer rûn

07 feb 2003 - 00:00

Taksibedriuw Zuid West Friesland út Snits nimt de koördinaasje oer fan it WVG-ferfier yn Boarnsterhim. It ferfier sels sil de kommende tiid dien wurde troch ferskeidene regionale ferfierders. Dy sille ek buskes ride tusken Warten/Wergea en Garyp.

Sûnt oktober die taksibedriuw Seubers út Zweelo it WVG-ferfier. Om't de kwaliteit dêr fan net goed wêze soe, hat Boarnsterhim ein ferline wike dat kontrakt opsein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)