Evangelyske boeken fia ynternet

07 feb 2003 - 00:00

De keatling fan evangelyske boekhannels De Fakkel is mei in ynternetboekhannel út ein set. It bedriuw yn Sint Anne hat festigings yn it hiele lân, ûnder oare yn Ljouwert. Se hoopje fia ynternet minsken te berikken dy't fier ride moatte foar kristlike boeken.

De Fakkel fynt it gjin probleem dat op ynternet ek minder kristlike saken te sjen binne. Mei reguliere 'ynternetboekwinkels' giet it net sa goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)