Boerehiemen opknappe

07 feb 2003 - 00:00

De provinsje stelt subsydzje beskikber om boerehiemen en -tunen yn âlde steat te herstellen. Partikulieren kinne it jild oanfreegje. De regeling is ynsteld yn it ramt fan it Jier fan de Pleats, dat tongersdei út ein sette. Fryslân is de fjirde op de ranglist fan Nederlânske provinsjes mei de measte boerespultsjes. De provinsje fynt it wichtich dat it erfskip net ferlern giet. Sa binne al in soad slingertunen fan eartiids fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)