Gjin jild foar Fûgelpits

© Omrop Fryslân
De Fûgelpits fielt him foarliigd troch de regearing. Yn 2001 hie de Twadde Keamer tasein om 100.000 gûne te jaan oan fiif fûgelopfangsintra oan de kust. Mar nei oardel jier docht bliken dat it jild der net komt fanwege besunigings.
Dat nijs komt krekt op it momint dat de fûgelopfang topdrokte hat mei it skjinmeitsjen fan oaljeslachtoffers. Minister Veerman woe de fersmoargers betelje litte foar de opfang, mar neffens de Fûgelpits wurdt dat neat.