Ten Rouwelaar nei FC Grins

© Omrop Fryslân
Jelle ten Rouwelaar spilet de rest fan it seizoen foar FC Grins. De Jouster keeper (22) is troch PSV útliend omdat trainer Hiddink net oertsjûge is fan syn twadde keeper.
Ten Rouwelaar begûn syn keeperskarriêre by SC Joure, gie dêrnei nei Emmen en makke doe de oerstap nei PSV. FC Grins wol him graach liene om't harren keeper Roy Beulekamp blesseare is. Ten Rouwelaar stiet noch oant 2007 by PSV ûnder kontrakt.