Grutte ûntuchtsaak yn Ljouwert

06 feb 2003 - 00:00

Twa Ljouwerters moatte oare wike foar de rjochter ferskine foar ûntucht mei njoggen jonges. It giet om in man fan 44 en in jonge fan 19 jier. De slachtoffers wiene 13 oant 17 jier en komme út Ljouwert en Harns.

Fierders binne noch fiif oare jonges oanhâlden op fertinking fan seksueel misbrûk en fermogensdelikten. De 19- jierrige soe earst slachtoffer west hawwe fan de 44-jierrige en doe sels ek begûn wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)