Garânsje kostet provinsje jild

© Omrop Fryslân
De provinsje moat in lyts oardel miljoen euro bypasse foar de kassen yn Menameradiel. Dy krije gjin jild út 'e Stimuleringsregeling Duurzame Glastuinbouw, oanfrege foar in projekt om jitwetter opnij te brûken. De oanfraach is te let yntsjinne, de provinsje hie in garânsje jûn en sit der no oan fêst.
Deputearre Bijman is teloarsteld oer de gong fan saken. By in folgjend projekt sille se de subsydzje earder oanfreegje.