Bystânsmem yn hongerstaking

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel kin net folle dwaan foar de hongerstakende Marijke Bogart út Dokkum. De bystânsmem yt sûnt tsien dagen net mear út protest tsjin falende helpynstânsjes. De frou sit yn earnstige jildpine.
De gemeente erkent dat der slimme gefallen binne, mar seit dat de frou sels ek aksje ûndernimme moat, bygelyks hiersubsydzje oanfreegje. Frou Bogart besiket no fia maatskiplik wurk út 'e problemen te kommen.