Hotel De Pauw ferkocht

06 feb 2003 - 00:00

It bekende hotel-restaurant De Pauw by it Ljouwerter NS-stasjon is ferkocht. Nei 1 juny komme der studinten yn te wenjen en yn it hoarekadiel komt in 'grand cafe'.

It gebou is oankocht troch Bakker, Hartmans en Bakker. Se wolle it hotel syn âlde uterlik weromjaan. Nei alle gedachten stiet it gebou twa jier yn 'e steigers. De studinten kinne der al yn septimber wenje en it nije kafee iepenet ein dit jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)