Nije Rely Jorritsma priisfraach

05 feb 2003 - 00:00

It Rely Jorritsma Fûns skriuwt wer in priisfraach út. Wa't gading meitsje wol oan in priis foar proaza of poëzij moat de bydrage foar 1 maaie ynstjoere nei de gemeente Littenseradiel.

Yn de beneaming komme oarspronklike fersen en ferhalen yn it Frysk. Der is 5000 euro oan prizejild beskikber. In saakkundige sjuery kin ek bliken fan wurdearring takenne. It ynstjoerde wurk is anonym. De priisútrikking is sneon 4 oktober yn it tsjerkje fan Bears.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)