Eask 3 jier foar ôfparsing

04 feb 2003 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert hat trije jier selstraf easke tsjin in ynwenner fan Ljouwert (29). Hy soe lid west hawwe fan in kriminele organisaasje dy't in sakeman ôfparste. De leden beurden sa 240.000 euro de man.

Om de sakeman it jild te ûntfutseljen brûkten se foto's dêr't de man seksuele hannelings die mei in jonger broerke fan de fertochte. In oar lid fan de binde waard ferline wike ta twangferpleging feroardiele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)