Wynhoas yn kassen Seisbierrum

© Omrop Fryslân
Twa meiwurkers fan kwekerij Hartman fan Siesbierrum binne tiisdeitemoarn ferwûne rekke troch glêsskerven. De twa wiene yn it kassekompleks, doe't dat troffen waard troch in wynhoas. In part fan it glêzen dak kaam nei ûnderen.
De twa meiwurkers binne mei snijwûnen oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. Omdat de kassen net mear op temperatuer hâlden wurde kinne is in grut part fan it gewaaks ferlern gien. De skea rint yn 'e miljoenen euro's.