Ybema as presintator by Omrop

© Omrop Fryslân
Gerrit Ybema makket syn televyzjedebút. De âld-steatssekretaris fan ekonomyske saken presintearret by Omrop Frylân in nij programma 'Hannel is hannel'. It giet oer bedriuwen dy't belangryk binne foar de ekonomy yn Fryslân. Nije wike tiisdei is de earste útstjoering.
Ybema (57) makke fjouwer jier diel út fan it pearse kabinet. Dêrfoar siet er foar D66 acht jier yn de Twadde Keamer. Hy is ek dwaande in eigen bedriuw op te rjochtsjen.