Strjitferljochting oere lang út

04 feb 2003 - 00:00

Fryslân hat moandeitejûn in oere lang yn it tsjuster sitten troch in steuring fan 'e strjitferljochting. De steuring siet by enerzjybedriuw Nuon en duorre fan fiif oere oant healwei sânen. Ien en oar hie te krijen mei in steuring earder op 'e dei yn in ferdielstasjon yn Nijmegen. Hjirtroch hie Arnhim in skoft gjin stroom en dêrwei wurdt de strjitferljochting ynskeakele.

Yn Ljouwert wiene der gjin problemen, want dêr regelt Essent de ferljochting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)