De Vries kampioen neo-senioaren

© Omrop Fryslân
Elma de Vries fan De Haule is snein yn Den Haach Nederlânsk kampioen wurden by de neo-senioaren. De wrâldkampioen junioaren fan it ôfrûne seizoen wûn alle fjouwer ôfstannen. Twads en treds waarden Els Murris fan Wanneperveen en Rixt Meijer fan Drylts.
By de manlju neo-senioaren gie de titel nei Tom Prinsen fan Enschede. Remmelt Eldering fan Noardburgum wie hjir mei in tredde plak de bêste Fries.