Katolike tsjerken Ljouwert ticht

© Omrop Fryslân
Twa fan de fjouwer katolike tsjerken yn Ljouwert gean definityf ticht. It giet om de Sint Johannes de Dopertsjerke by it Van Hall Ynstitút yn Huzum en de Sint Fransiscustsjerke yn Heechterp.
It parochybestjoer fan de Titus Brandsmaparochy hat dit wykein mei in brief de parochianen fan Ljouwert op 'e hichte steld. De sluting fan de twa tsjerken sil oer maksimaal twa jier in feit wêze.