Skriuwwike kriget ferfolch

© Omrop Fryslân
De Skriuwwike foar Frysktalige bern, dy't ferline jier foar it earst op Skylge hâlden is, kriget in ferfolch. De provinsje stelt foar de kommende 4 jier subsydzje beskikber.
Yn de wike yn maaie wurde bern de basisfeardichheden fan 'e Fryske stavering bybrocht. Middeis is it tiid foar boartlike, kulturele aktiviteiten. De organisaasje leit yn hannen fan de Stichting Pjutteboartersplak en ûnderwiissintrum GCO.