Wurk oan 'e dyk N356

02 feb 2003 - 00:00

Ferkear tusken Feanwâlden en Dokkum moat de kommende moannen rekken hâlde mei fertragings en opstoppings. Der wurdt wurke oan de dyk. By Damwâld komt in rotonde en boppedat komt der in fytspaad by de hiele wei del. Ek wurde suteldiken oanlein.

Fanwege it wurk jildt oant en mei ein juny in legere maksimumsnelheid foar it trajekt. Ek komme der tydlike stopljochten te stean oan dit stik fan 'e N356.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)