Twa pleatsen ôfbaarnd

© Omrop Fryslân
Twa pleatsen yn 'e provinsje binne sneon troffen troch brân. De middeis wie it mis yn in wenbuorkerij yn Makkingea. De brân ûntstie doe't ien fan de bern mei lusifers boarte. De jûns wie der brân yn in pleats tusken Nij Altoena en Alde Biltdyk. De oarsaak fan dy brân is noch net bekend.
Yn beide gefallen hawwe harren gjin persoanlike oangelokken foardien. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.