Oanridings troch snie

02 feb 2003 - 00:00

De snie soarge sneon foar flink wat blikskea yn Fryslân. Rûnom glibberen auto's oer de dyk en kaam it ta oanridings. Slimme ûngemakken hawwe harren net foardien. Wol rekken der minsken lichtferwûne. Benammen de lytsere diken wiene sjippeglêd. Op de trochgeande diken wie struid.

It treinferkear Warkum en Starum ûnderfûn ek hinder fan de snie. Troch in wikselsteuring moasten de reizgers mei bussen ferfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)