'Fertochte stekpartij nei TBS'

© Omrop Fryslân
De fertochte fan 'e deadlike stekpartij yn finzenis De Marwei yn Ljouwert moat sa gau mooglik nei in TBS-klinyk. Dat seit syn advokate Van der Vliet. De fertochte is in 29-jierrige Joegoslaaf, dy't neffens syn advokate slim traumatisearre is.
De man wachte yn 'e Marwei op syn TBS-behanneling. Justysje wol no earst de stekpartij behannelje, mar neffens yn advokate is it better dat de man sa gau mooglik behannele wurdt.