Burgum wol gau rûnwei

© Omrop Fryslân
Doarpsbelang Burgum wol in westlike rûnwei om it doarp hinne, mei twa akwadukten. De rûnwei makket diel út fan de saneamde sintrale as, de nije dyk tusken de Wâldwei en Dokkum.
De provinsje ûndersiket op dit stuit de ferskate mooglikheden foar de nije dyk. Doarpsbelang Burgum wol graach dat de nije dyk der gau komt. Ferkear fan de Wâldwei nei it noarden giet no dwers troch Burgum hinne. Dat soarget somtiden foar gefaarlike sitewaasjes.