'Mear jild foar oankeap grûn'

© Omrop Fryslân
De provinsje moat mear jild útlûke foar de oankeap fan lânbougrûn. Dat stelt de steatefraksje fan it CDA út. It is neffens de partij in taak fan de provinsje om't it ryk fanwege besunigingen gjin jild mear hat foar natuerbehear.
It CDA wol 3,5 miljoen euro frijmeitsje. Dat is in miljoen mear as dat no beskikber is. Der soenen al boeren yn de problemen kommen wêze troch de besunigingen.