Dokkum krijt gjin finzenis

31 jan 2003 - 00:00

Dokkum krijt foarearst gjin finzenis. Dat hat de Tsjinst Justisjele Ynrjochtingen oan de gemeente witte litten. It kolleezje wol in finzenis op yndustryterrein Betterwird. Neffens justysje is der gjin ferlet fan sellen yn de regio.

De nije finzenis dy't yn Grins boud wurdt, biedt genôch kapasiteit. Der is ek net mear jild foar noch in finzenis yn it noarden. De gemeente hopet op de bou om't dat goed is foar de ekonomy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)