Boom moat reis mooglik ôfbrekke

31 jan 2003 - 00:00

Arie Boom moat mooglik syn reis ôfbrekke. De seesiler út Harns is ûngenêslik siik. Hy begûn yn augustus mei syn wrâldreis. Dêrmei wol er omtinken freegje foar syn sykte de 'ijzerstapelingsziekte.'

Boom moat ophâlde om't er problemen mei syn sûnens hat en it sponsorjild is ek hast op. Hy fart op it stuit yn de Karibyske see en wol nei Florida ta. Dêr besjocht er oft er fierder giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)