Jier sel en tbs foar misbrûk

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige Ljouwerter is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in jier finzenisstraf en tbs mei twangferpleging. De Ljouwerter misbrûkte trije jonges tusken de tolve en sechtjin jier âld.
Yn 2000 waard de man ek al feroardiele foar ûntucht. De slachtoffers hawwe noch hieltyd geastlike problemen troch it misbrûk. De dieder seit dat de jonges yn ruil foar jild seks mei him hiene.