COA wol opfang Amelân ûntromje

30 jan 2003 - 00:00

It sintraal orgaan foar de opfang fan asylsikers wol de opfang op It Amelân sa gau mooglik ûntromje. Dat hat de advokaat fan it COA tongersdei sein by de behanneling fan it koart pleit.

It COA wol de opfang slute, om't der yn de echte azc's genôch plakken beskikber binne. Earder al sei de rjochter dat it COA sa'n beslút nimme mei. Takom tongersdei beslút de rjochter oft it COA de asylsikers mei twang út de opfang sette kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)