Fertochte stekpartij hat bekend

© Omrop Fryslân
De fertochte dy't woansdei yn De Marwei in frou deastutsen hat, hat bekend. De fertochte is 29 jier en komt út Joegoslavië. Hy is traumatisearre. Hy wie yn april ferline jier feroardield ta oardeljier sel mei tbs. Hy wachte yn de Ljouwerter finzenis op oerpleatsing foar de tbs-behanneling.
It slachtoffer wie 51 jier. Justysje wol om privacyredenen net sizze wêr't se weikomt. Op har lichem wurdt tongersdei seksje dien