Stimwizer foar steateferkiezings

© Omrop Fryslân
Fan tongersdei 30 jannewaris ôf is op ynternet in stimwizer foar de kommende steateferkiezings beskikber. De Fryske stimwizer is beskikber yn it Frysk en yn it Nederlânsk. De provinsje hopet dat de stimwizer bydrage sil oan it ynhâldlike debat en in goeie opkomst.
De 12 Kommissarissen fan 'e Keninginne hawwe de provinsjale stimwizers tongersdei yn Den Haach on-line set. De Fryske stimwizer is fansels ek te berikken fia www.omropfryslan.nl.