Stichting foar jachthaven Skier

30 jan 2003 - 00:00

Bewenners fan Skiermûntseach moatte sels de jachthaven beheare. Dat wolle B en W op it eilân. It behear is neffens har gjin kearntaak fan de gemeente. Der moat in stichting komme mei dêryn fertsjintwurdigers fan ûnder oare de befolking, hoareka en ûnderimmers.

De gemeente wol mei de stichting in oerienkomst slute oer it behear en de eksploitaasje. De jachthaven moat noch wol opknapt wurde. De kosten wurde rûsd op 350.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)