DS wolle asylsikers hâlde

29 jan 2003 - 00:00

Deputearre Steaten freegje it COA oft de asylsikers oant de simmerfakânsje op It Amelân bliuwe meie. Neffens Ploeg fertolket de provinsje dermei de maatskiplike ûntefredenheid. It is noch net dúdlik oft de provinsje de asylsikers finansjeel stipet. Ploeg wol de rjochtssaak fan it COA ôfwachtsje.

Foar it COA is it fersyk gjin reden om de opfang iepen te hâlden. Tongersdei tsjinnet it koart pleit wêryn't it COA tastimming wol foar ûntromming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)