Rommere regels IBF op It 'Fean

29 jan 2003 - 00:00

Nasjonale bedriuwen meie har no ek festigje op it IBF op It Hearrenfean, It Ynternasjonaal Businesspark Fryslân hat de talittingseasken foar nije bedriuwen feroare. Se hoege ek net mear minimaal tsien bunder ôf te nimmen.

Mei de ferromming fan de maatregels hopet de gemeente it status quo te trochbrekken dat ûntstien is nei de komst fan SCI fiif jier lyn. De gemeente moat him noch utsprekke oer de nije easken om bedriuwen ta te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)